Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Iendracht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ik seach him tusken oaren lizzen,
iendrachtich sa’t er altyd wie,
teminsten nei de namme,
mar hjoed wie ’t: nei it wurd de die,
sa koe men it wol sizze.

De stjoerhut waard twa meter rommer
en duorsumer troch glês en stiel,
want beide wiene hurder,
mar wêr wie noch de âlde siel
of seach ik it te somber?

’t Ferline wie fansels wol prachtich:
de beurtboat fan It Heidenskip,
fan hurde Friezen bliuwe
wy, hurd as stjoerhuthout… ferhip,
wie dat wol sa iendrachtich?

Image

admin

Spegelbylden

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

’t Wie yn de moarntiid nei ’t geweld
fan tongerbuien yn de nacht,
ik hie de flitsen yn myn dreamen teld
as spegelbylden, ûnferwacht.

Ik rûn, noch fol fan tsjusternis
en bliksem, foar de rêst en trim,
mar ’t paad wie ûnegaal en ik ûnwis
oant by de mar, dêr seach ‘k  in glim.

It wetter seach my glimkjend oan
mei wolken, reid en sinneskyn,
sels waard ik spegel fan de stille moarn
en wachte op in suchtsje wyn.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum