Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Neurenberg

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Kinne rjochters alle leed
weinimme fan wat yn in oarloch
bart? Dêr is net rjochtstreeks sprake fan,
de skiednis hâldt it ûnrjocht beet.

Neurenberg hat wol besocht
de nimmers fan miljoenen libbens
mei it leed te konfrontearjen, mar
ha rjochters dit yn lykwicht brocht…

… mei de straf de dieders jûn?
De deastraf kompensearret net de
deaden dy’t weiwaarden yn it fjoer
nei’t gas de wei nei binnen fûn.

Neurenberg spriek tolve kear
de deastraf út, it koe net minder
foar de deaden en foar wa’t it noch
fertelle koene… nea wie ’t klear.

Sprake bliuwt fan ûnrjocht dat
gjin rjochter mei syn sprekken lykstrykt,
net yn Neurenberg noch Kiev noch
De Haach, sa is it wrâldske lot.

* Foto ‘Ynternasjonaal Militêr Tribunaal
yn Neurenberg’



admin

Net foar de sier

Wrâldbylden

fan Albert Bierstadt*

De Rockies makken djippe yndruk,
dy ympresje kaam sa op papier
dat skôgers witte lieten:
‘Dizze skilder lit ús sjen
in nije styl, net foar de sier,
mar lykas de natoer de yndruk jout.’

Mar doe’t de skilder fan de stúdzje
ôf it byld brocht op it grutte doek,
feroaren skôgers harren
miening: ‘Sjoch wat giet ferlern
as  ’t skilderjen wurdt âld gebrûk
en de natoer gjin ynspiraasje jout.’

Wat bliuwt, dat binne wol de Rockies,
ymposante bergen, rikkend fier
út boppe sljochtweihinne
minsken, wa kin dan besjen
de hichte útgeand boppe sier
dy’t inkeld tydlik ynspiraasje jout?

* Albert Bierstadt (1830-1902)
Skets op papier ‘Canadian Rockies’



Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum