april 5, 2025
fan ûnbekend*
It libben op MacDonald-eilân
kin foar de pinguins sprekken lije:
de poarsjes binne heech en fet,
de fûgels fiere dêr faak feest,
se hawwe mei gjinien te krijen.
Ien krijt it lykwols yn de plasse
om ynfierrjochten foar te skriuwen
hoewol’t McDonald heart by ’t lân
dêr’t hy de presidint fan is,
hy wol fan alle wâltsjes priuwe.
De keningspinguïn fan it eilân
lit alle pinguins by him komme,
ropt lûd foar Mac in boycot út
en fiert ek yn in útfierrjocht
foar pinguins om oeral te kommen.
De keningspinguïn swimt foarop
en fiert syn folk nei Donalds Tower
foar demonstraasjes yn swart-wyt,
sa wyt as snie yn ’t eigen gea,
swart as it brein fan ien ynklauwer.
* Foto ‘Keningspinguïn’
april 3, 2025
fan Henri Ottevaere*
It kleed ferskilt mar
amper fan de hûd
en fan de feale snor,
dy’t net mear sprekt
fan ‘hjir bin ik’…
it is him sa wol goed.
De eagen sprekke
fan it hat goed west,
mar ’t is it no net mear,
der hat in brek
west… ‘hjir wie ik’…
wat bliuwt der oer as rest?
De rest sprekt him net
oan, it is al sein
wat hy eins sizze woe,
it is no krekt
as komt syn ik
meikoarten oan de ein.
* Henri Ottevaere (1870-1944)
Skilderij ‘De âlde man’