Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Waarnimmer Belsjassar

Bibelbylden

fan Frans Francken*
Daniël

Belsjassar naam inkeld waar,
ferfong syn heit yn Babel,
woe dat rûnom witte litte,
rôp de hege hearen op
om feest te fieren sûnder stop.

Tûzen sieten oan it miel
mei Belsjassar, de kening
dy’t waarnaam dat elk him eare
joech fanwege fleis en wyn,
oerfloedich gie dy drank deryn.

Dronken rôp foarst Belsjassar
dat wyn noch better smakke
út ’e bekers út ’e timpel
fan Jeruzalem: ‘Dus drink
út godlik sulver op myn wink!’

* Frans Francken (1607-1667)
Skilderij ‘Feest fan Belsjassar’

admin

Nei dwylsin teplak

Bibelbylden

fan William Blake*
Daniël

Nebûkadnessar klom nei ’t dak
fan syn paleis en stapte pratend rûn:
‘Wat is myn stêd dochs allemachtich
grut, in foarstlik wenstee, boud troch my,
sjedêr de gloarje fan myn majesteit!”

Der kaam in oar lûd foar yn ’t plak,
dat delsloech, streekrjocht út ’e himel wei:
‘As kening binne jo net machtich
mear, jo wenstee is by ’t bisteguod,
jo ite gers lykas in ko en geit.’

Sa kriich de kening syn gerak
as bist, bedutsen waard syn lea mei hier,
hy wie de minsketaal net machtich;
nei ferrin fan tiid dy’t dêrfoar stie,
is kenings eachopslach nei ’t minskdom draaid.”

Nebûdkadnessar wist syn plak:
‘Ik kriich myn keningskip mei it ferstân
werom troch Him dy’t allemachtich
heech is, dat de gloarje is oan Him,
ik bin ôfhinklik fan syn majesteit!’

* William Blake (1757-1827)
Yllustraasje ‘Nebûkadnessar as bist’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum