Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Dream oer de beam

Bibelbylden

fan ûnbekend*

De kening krige wer in dream,
dy’t him yn ûnstjoer brocht
en op ’e nij kaam der gjin útlis
fan wiersizzers, no oer ’t byld
fan in ûnbidich grutte beam.

De beam wie heech en sterk, joech oan
de minske frucht, it dier
koe skûlje tusken tichte blêden,
mar in ingel kaam yn byld:
‘Kap om dy beam, hy is bedoarn.’

Wer wie it Daniël dy’t kaam
om útlis oer de dream
te jaan, mar troch syn prakkesaasjes
spriek er earst gjin inkeld wurd,
om’t God de foarst syn macht ûntnaam.

‘De beam, o kening, binne jo,
in stobbe bliuwt der oer
fan ’t keningskip nei jo ferballing
nei it fjild mei bisten, dêr’t
jo gers opfrette as in ko.’

* Yllustraasje ‘Nebûkadnessar as beam’

admin

Belidenis fan de kening

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Daniël

Nebûkadnessar as god-kening
koe net leauwe wat er seach:
‘Ha wy net trije yn de oven wijd
yn plak fan fjouwer dy’t dêr rinne?
De fjirde liket op in goadesoan!
Kom Sadrak, Mesjak, Abednego
daliks út it lôgjend fjoer,
jim binne tsjinners fan de heechste God,
bliuw dêr net rinnen, kom hjirhinne,
ik sjoch de mantels hawwe jim noch oan!
Jim God is heger noch te priizjen
as mysels as kening-god,
Hy hat syn ingel yn de oven stjoerd,
sadat jim fierder libje kinne,
jim hoege net te bûgen foar myn troan!
Oan alle naasjes jou ik oarder:
lis de heechste God net leech
fan Sadrak, Mesjak, Abednego, want
dy spotter sil net langer rinne,
hij giet mei brutsen lea der seker oan!’

* Yllustraasje ‘Sadrak, Mesjak en Abednego
mei de ingel yn it fjoer’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum