augustus 21, 2024
fan Peter Paul Rubens*
Daniël
Deis bea Daniël wol trije kear
mei lof oan God en mei syn fragen
dy’t giene oer Jeruzalem,
wat tsjin de wet wie dy’t de kening
útskreaun hie ta eigen macht en ear.
Doe’t de hege hearen yn it ryk
him op ’e knibbels lizzen seagen,
ferklapten sy dit oan de foarst,
dy’t war die Daniël te rêden,
mar foar him wie lykwols gjin ûntwyk.
Daniël waard nei de kûle brocht
dêr’t liuwen ’t foar it sizzen hiene,
in stien kaam op ’e iepening
mei segels fan de kening en de
pommeranten, wei waard alle ljocht.
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Daniël yn de liuwekûle’
augustus 17, 2024
fan ûnbekend*
Daniël
Darius waard kening oer in ryk
dat grutter wie as dat fan Babel,
mei hûnderttweintich gûverneurs,
dy’t oan Daniël ferslach útbrochten,
dêrnei tsjinne hy har fan replyk.
Alle pommeranten yn it ryk
begûnen dêrtsjin te agearjen,
de opset wie om Daniël
swart as roet te meitsjen by de kening,
opdat Daniël kriich gjin ûntwyk.
Mei bombaarje gie it nei ’t paleis:
‘O kening, lit in wet foarskriuwe
dat jo beslute oer in fraach,
net in god en net in minske,
wa’t oars docht, wurdt foar de liuwen fleis.’
* Reliëf ‘Mei bombaarje nei ’t paleis’