Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Foarboade fan de nacht

Lyrysk Deiboek


De moarntiid ljochtet inkeld read,
mar dêrmei is net alles sein,
it liket sprekend op in himelbrân,
foarsein wurdt folop rein.

Sa troch de dei jout soks noch neat,
mar dêrmei seit men net genôch,
it ljochtet yn de fierte troch in slang,
de wolken lykje lôch.

De slang foarseit in hege steat
dy’t útrint op in sterke macht,
let yn de middei set de himel ticht,
foarboade fan de nacht.

De macht jout oan wat komme sil,
al floeit der út ’e moarntiid bloed
de hiele jûn troch oant yn neare nacht…
de rein spielt fuort de moed.


admin

Wizend pealtsje

Lyrysk Deiboek


As in pealtsje boppe wetter
stiet it foar de takomst fêst:
de minske striidt foar it behâld
fan rjocht troch nei de hoarizon:
wolkom freugde fan de wrâld!

Streekrjocht wiist it nei de sinne,
oarsprong fan in rom bestean
dat jong begjint en rint nei âld
mei útsicht op de hoarizon:
wolkom freugde fan de wrâld!

As in pealtsje tusken wyn en
wetter sil it elk ienkear fergean,
it is sa’t de natoer it wol
mei alle libben op ’e wrâld:
sis de freugde dan farwol!

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum