Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

As pastoars

Lyrysk Deiboek


Sy kinne plechtich stappe
as pastoars yn ’t fûgelryk
mei nei de himel ta ferbining,
fleanend mei streekrjochte hals
en wjukslaand oan gjin oar gelyk.

Dochs kaam yn ’t fjild de krisis
doe’t it gers it sicht benaam
op gatten yn de drûge boaiem,
bûge mei in kromme hals
joech neat, gjin mûs dy’t boppe kaam.

De himel joech in teken
oan de boer om acht te slaan
op ’t fjild mei fierste hege raaien
foar pastoars yn ’t fûgelryk,
hy moast har ’t romme sicht wer jaan.

Sjoch hoe’t sy plechtich stappe
wylst it ljocht de gatten wiist,
dy’t sichtber binne yn de boaiem,
foar de mûs is dat in griis,
hoewol’t er nei de himel riist.



admin

Foar dea

Lyrysk Deiboek


Dêr leit er nei de fal,
ien fan de heechste beammen
naam tefolle romte yn,
ferkrong wat net mear groeie koe,
út is syn hearskersrol.

De stamheit hearske oer
syn soannen en syn dochters,
hold de oarder der strang yn,
ferkrong de eigen frije wil,
syn libben hie gjin doer.

Dêr leit er nei de fal,
ien fan de âldste heiten
naam tefolle romte yn,
ferkrong it plak fan eigen bern,
út is syn hearkersrol.

Foar dea leit op ’e grûn
ien fan de hege hearen
dy’t fermoarden, dôf en blyn
foar rjocht, de Palestynske bern,
de deastraf is him jûn.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum