juli 8, 2026

Do grutte swarte fûgel,
grut op ’e earste eachopslach,
swart om dyn slach te slaan
mei wjukken dy’t it lykwicht brekke
fan wa’t dyn waanwiis lûd net achtslaan.
Do grutte hege fûgel,
heech sitsto dêr om út te sjen
nei wa’t dyn fearren strykt
om dy noch heger op te stekken,
dêrnei dyn waansin glêd te striken.
Do grutte dwaze fûgel
nimst mei dyn grutspraak alles wei
wat skaait nei de natuer,
de wearden kinne dy ferrekke,
do fynst dyn eigenwaan natuerlik.
Do grutte swarte fûgel,
swart as de dea wurdt dyn bestean,
wurdst ûnder wetter wei,
slyk sil dyn brike bek bedekke,
foar dyn bestean is der gjin útwei.
maart 12, 2026

fan ûnbekend*
Ayatollah, paus, rabbyn,
hoeders fan it geastlik libben,
wize harren folk it paad
mei himelhege wurden
op grûn fan eigen grut gelyk,
wat hat ta oarloch laat.
Allah, God en ek Jahweh
hawwe nei it heechste stribbe
neffens hoeders op ’en paad
nei ’t slachfjild hjir op ierde,
dêr’t striden wurdt foar grut gelyk,
elk nei syn eigen aard.
God wol dat Amearika
noed stiet foar in better libben
yn Iran: ‘Fei fan de kaart
de heechste ayatollah
yn oparbeidzjen mei Jahweh,
want hillich is ús haat.’
Yllustraasje “Hillige striid’