april 5, 2025
fan ûnbekend*
It libben op MacDonald-eilân
kin foar de pinguins sprekken lije:
de poarsjes binne heech en fet,
de fûgels fiere dêr faak feest,
se hawwe mei gjinien te krijen.
Ien krijt it lykwols yn de plasse
om ynfierrjochten foar te skriuwen
hoewol’t McDonald heart by ’t lân
dêr’t hy de presidint fan is,
hy wol fan alle wâltsjes priuwe.
De keningspinguïn fan it eilân
lit alle pinguins by him komme,
ropt lûd foar Mac in boycot út
en fiert ek yn in útfierrjocht
foar pinguins om oeral te kommen.
De keningspinguïn swimt foarop
en fiert syn folk nei Donalds Tower
foar demonstraasjes yn swart-wyt,
sa wyt as snie yn ’t eigen gea,
swart as it brein fan ien ynklauwer.
* Foto ‘Keningspinguïn’
maart 30, 2025
fan ûnbekend*
Dit is in stjerrend wier ferhaal
dat troch de duvel stal jûn is
yn oparbeidzjen mei de lieder
fan de Joaden yn ’t beloofde lân,
de duvel spile doe foar master op
en Netanyahu folge trou syn rop.
Sa kamen sy yn de woestyn
dy’t bomfol grouwe stiennen lei.
‘O satan, meitsje dêrfan bommen
dy’t ferneatigje de mem mei ’t bern.”
De duvel spile doe foar master op
en Netanyahu eare him folop.
Doe kamen sy by de moskee
en klommen op it hege dak.
‘Spring, Netanyahu, om te winnen,
heind silst wurde troch dyn ingel Trump.’
De duvel spile heech foar master op
en Netanyahu folge trou syn rop.
Tegearre gie it nei de top
om hiel de ierde oer te sjen.
‘Lit dy foar my op knibbels falle,
stjerrend wier, ik jou dy hiel de wrâld!’
En Netanyahu folge ek dy rop,
de duvel fûn syn knibbels fierste slop.
* Yllustraasje ‘Knibbelje’