februari 8, 2026

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Pluto as god fan de ûnderwrâld
bliuwt foar de siel ûnsichtber
oant it lichem wurdt ta stof
en Pluto iiskâld jout it oardiel:
straf of lof.
Pluto, bol fier fan de minskewrâld,
sweeft oan de ein fan ’t stelsel
dêr’t de sinne ’t middelpunt
fan is… wa jout it krekte oardiel:
kop of munt?
Kop tsjut Pluto oan as in planeet,
munt as planetoïde,
dy’t der binne by de fleet,
de wittenskip kaam mei it oardiel:
dwerchplaneet.
* Stânbyld ‘Pluto’
** Dwerchplaneet ‘Pluto’

januari 18, 2026

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
It orakel fan Gadung
liet witte dat Tenzin Gyatso,
hy wie noch mar sechtjin jier,
de lieder waard fan in frij Tibet,
Sina waard op ôfstân set.
Tibet hold religy heech,
noch heger as de Hamalaya,
frede rikte withoefier
de wrâld oer, ’t lok gie út fan Tibet,
Sina hie sa’n ynfloed net.
Doe gie Sina oer de grins
fan Tibet mei it kommunistysk
stribjen, it is stjerrend wier,
nei macht oer ’t libbenslok fan Tibet,
Sina stelde doe de wet.
It orakel fan Gadung
moast swije, mar Tenzin Gyatso
mocht allinnich foar de sier
as Dalai Lama haad fan Tibet
wêze, frede kaam der net.
* Foto ‘Tenzin Gyatso’
** Foto ‘Dalai Lama’
