december 29, 2024
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
It barde yn itselde jier:
de earste proef tichtby Bikini,
de twadde yn mondên Parys
mei twa eksploazjes as gefolch,
de ynfloed dêrfan rikte fier.
Bikini, ’t eilân mei koraal,
seach earst noch skoan de sinne skinen,
ynienen kaam in poddestoel
dêrfoar, ’t gefolch wie eksplosyf,
de hege wolk spriek kleare taal.
Bikiny twa, in oar ferhaal,
woe ha de sinne moast wol skine,
net yn Parys, mar boppe ’t strân
mei tal eksploazjes as gefolch,
de moade die in hiele haal.
De proeven rikten beide fier,
it wie gjin striid om fier te kommen,
mar hokker brânde op ’e hûd
mei watfoar sykte as gefolch?
Bikinys wiene foar de sier.
* Foto ‘Atoomproef by Bikini’
** Foto ‘Yn bikiny’
december 23, 2024
fan ûnbekend*
fan Nikos Kazantzakis*
It spile yn in doarp op Kreta,
earst de aksje foar in brúnkoalmyn,
dêrnei in seagerij-bedriuw,
hy seach yn ’t lêste mear muzyk:
Zorba, boer en musikus, de Gryk.
It hiele doarp koe wol Gryk Zorba,
dy’t de muontsen dronken kriich mei wyn,
har dûnsje liet foar it bedriuw,
se woene troch him wol omlyk:
Zorba, boer en musikus, de Gryk.
De froulju dûnsen mei Gryk Zorba
op har ritme gie er út en yn,
de leafde seach er as bedriuw,
de hertstocht makke him smoarryk:
Zorba, boer en musikus, de Gryk.
It hiele doarp waard troch Gryk Zorba
nûge by it hout, net by de myn,
de ein kaam ek foar dit bedriuw,
de dûns ‘Sirtaki’ joech ûntwyk
foar boer Zorba, musikus, de Gryk.
* Foto ‘Zorba de Gryk,
haadpersoan yn it boek ‘Zorba de Gryk’
fan Nikos Kazantzakis’
** Omslach boek