Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Rook fan Egypte

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Dit is de dei om feest te fieren,
want út ‘e fierte komt de keningin
mei op har hûd in frjemde rook,
har wêzen hat earst strieljend sin
as eigen goaden har fersiere.

Image

Egypte wol har wolkom hjitte
mei ’t sierlik pronkstik fan it fynst albast,
de parfumfaas fan eigen hân,
in rookkado dat by har past,
se sil it folk it rûke litte.

Sjoch Nefertete nei it striken
fan rûkersguod op keninginnehûd,
de rook fan farao syn lân,
de feestnoas snúft en kart it goed,
hy hat it foar en nei ferlike.

Image

* Albasten faas (sirka 1333-1323 foar Kristus)

** Beskildere byld fan kalkstien ‘Keninginne Nefertete’
(sirka 1350 foar Kristus)

admin

Azem oer Egypte

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Lit de wyn as azem strike
oer it wetter fan de Nyl,
dy’t riist om grûn te jaan
en as de weagen wike,
sil de boer syn slach straks slaan.

Image

Lit de boer syn azem wije
oan de goaden fan de Nyl
foar’t hy de oksen bynt;
hy mei it wurk wol lije,
om’t de ploech de eker wynt.

Lit syn frou it offer drage,
want sa jout se azem oan
de goaden fan it lân
as tank foar folle magen,
elk hat syn gerak wer hân.

Image

* Muorreskildering ‘Ploegje mei oksen’
(sirka 1550-1069 foar Kristus)

* Beskildere kalkstien ‘Offerdraachster’
(sirka 2040-1640 foar Kristus)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum