augustus 25, 2024
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Se binne deagien yn in wike,
trije lieders yn de kriich,
dy’t withoefolle ’t libben koste,
trije lieders wisten fan dy moard:
Benito Mussolini,
Adolf Hitler,
Franklin Roosevelt.
Dy wike telde trije liken:
Mussolini kriich in skot
en Roosevelt in harsenblieding,
Hitler regele syn eigen moard;
Benito Mussolini,
Adolf Hitler,
Franklin Roosevelt,
sy wisten fan ’t massale lot.
De wrâld wist lykwols fan gjin wiken,
jierren folgen mei de bou
fan ûnderkommens foar de riken,
wylst wa’t earm wie, fielde ’t as in moard;
Benito Mussolini,
Adolf Hitler,
Franklin Roosevelt.
sy wisten fan massale rou,
’t ferskil: twa wiene mei de moard akkoart.
* Foto ‘Benito Mussolini
** Foto ‘Adolf Hitler’
augustus 18, 2024
fan ûnbekend*
Ferbjustere, de earms fansiden,
stiet er heger as de sleine stêd
troch bommen út ’e hichte wei,
hoewol’t er ’t net op Hitler stean hat,
mei gjin folk sa deadzjend stride.
Hy hat de oarloch jierren skôge,
wit dat Dresden wie in trochfierplak
fan wapens nei it fiere front,
foar Hitler romte om te libjen…
hat de stêd foar dat doel lôge?
Hy koe de deaden amper telle,
fyftichtûzen, mar hy rekke kwyt
de tel mei alle fallen bern…
hat Hitler dêr in trien om litten?
Nazi’s soene ’t net fertelle.
Al jierren stiet hy hjir yn namme
fan de Hear dy’t frede preke hat
foar freon en fijân ûnderweis,
foar Hitler en de alliearden…
ha se har dêrfoar wol skamme?
* Foto ‘Dresden nei it bombardemint’