Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Little Boy en Fat Man

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Hiroshima, Nagasaki,
Little Boy en de Fat Man,
lyts wie it swiere jonkje net,
de tsjokke man hie wol in namme
dy’t neier by de wierheid kaam,
mar fielde men him wol beskamme?

Yn in oarloch wurdt net skamme
troch mynhear de presidint
en ek net troch de generaal,
har strategy om út te fieren
wat is yn ’t nasjonaal belang
giet boppe alles, is de wiere.

Boppe hûnderttûzen libbens,
dy’t mei ien klap waarden wei,
fan little boy oant de fat man
mei mar in deagewoane namme,
dy’t nea de wierheid witten ha…
noch freegje sy: ‘Wêrom dy flammen?’

* Foto ‘Atoombom op Hiroshima’
** Foto ‘Nei de atoombom’

admin

Feriene Naasjes

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Nea wer oarloch, klonk de wrâld oer,
want miljoenen deaden ha de klacht
dat sy massaal te ier ferstoaren
troch de wreedste hân yn neare nacht.

Lit de naasjes har net liene
foar geweld wannear der is ferskil
fan miening, dat sy har feriene
yn ferbining mei de hiele wrâld.

Nea wer ûnrjocht op ’e ierde:
hat in naasje oer in lân in klacht,
dan sil gjin oarloch ’t pleit besljochtsje,
net de sterkste hat de heechste macht.

Lit de naasjes nei De Haach gean
om te redendielen oer ’t ferskil,
dan sil it rjocht fêst as in skraach stean,
folken wurde mei elkoar ferbûn.

* Yllustraasje ‘Feriene Naasjes’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum