Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Ferhalebondels category

admin

Gemysk goud

Ferhalebondels

fan Peter Paul Rubens*

It koe net better, hy wie sûn,
it striele fan syn antlit ôf:
de eagen wach, de bolle wangen
read, de hals joech dat ek oan,
foar him hie ’t libben wearde:
dokter, algemist, gelearde.

Hy fielde him mei ’t gea ferbûn,
tocht djipgeand nei oer de natuer,
dy’t achter him blau-grien opljochte;
stúdzje makke hy fan grut
oant lyts, foar him fan wearde,
dêrfoar wie er ek gelearde.

As algemist fûn hy it sûn
om mei gemy foar fol te gean:
genêze mei de krekte middels,
foar pasjinten gemysk goud;
wat Paracelsus learde,
hie yn letter tiid gjin wearde.

* Peter Paul Rubens (1571-1640)
Skilderij ‘Portret fan Paracelsus’

admin

Ferhalebondel

Ferhalebondels

Bline mosken                                                              1991

Yn Bline mosken’ is de bân fan de skriuwer
mei it wetter en mei bern dúdlik ôf te lêzen.
Yn in tal ferhalen komme de bline mosken
fan de maatskippij foar it fuotljocht:
folwoeksenen en bern dy’t troch omstannichheden,
dêr’t se sels gjin ynfloed op útoefenje kinne,
in tsjuster libben hawwe.
Mar net altyd is it neare nacht.
Striid en humor soargje
foar in streek ljocht oan de kimen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum