oktober 21, 2026

Wannear’t de foarst him takeart nei
in teken oan de himel,
dan kruse steat en godsbesef elkoar,
de foarst is yn opteine steat,
beseft dat beide kinne troch ien doar,
De foarst is tagelyk ek man
en heit, net yn fertrouwen
mei frou en soan, it giet net mei elkoar
mei as gefolch twa kear in moard,
de ienheid flechtet troch de achterdoar.
De twaspjalt skuort it godsbesef
fan foarst en fan de tsjerke,
dus ropt hy hege godslju by elkoar
foar oerlis oer it godsbesef:
‘Rop Kristus út ta God!’ klinkt klear yn koar.
Sa rinne steat en godsbesef
lykop ta heger ienheid,
de foarst ferkeart no yn opteine steat
lykas de tsjerke mei ’t besef:
de stipe fan de foarst is net ferkeard.
oktober 14, 2026
oktober 8, 2026