Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Wrâldbylden category

admin

Fêste syklus

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Sy spylje net foar akrobaten,
mei it sicht op hiel wat oars
begjinne sy te klimmen,
hâlde har bêst yn balâns,
gjin boer ûntnimt har dizze kâns.

De geiten frette alle fruchten
fan de arganbeam, in miel
de muoite wurdich om te
klimmen, want it smakket bêst,
gjin lichem hâldt de siedden fêst.

De boeren sammelje de siedden,
parse dêr de oalje út,
de muoite wurdich om te
sykjen by de beammen lâns,
gjin geit ûntnimt har dizze kâns.

Gjin boer hoecht yn de beam te klimmen,
want dat docht foar him de geit,
foar wa’t de beam de fruchten
leveret, gjinien wurdt lêst,
de syklus stiet as beam sa fêst.

* Foto ‘Geiten yn in arganbeam, Marokko’

admin

Kleurige muontsen

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

De kleuren strielje hjoed de dei
de skientme út fan hege pylders,
resten fan in heech ferline:
fjouwer iuwen fan gebed
fan muontsen dy’t net better wisten
of dit foarseach yn in ferlet.

Foarst Henry leaude dêr net yn,
dus stichte hy in eigen tsjerke,
dy’t it by de paus net fine
koe; de achtste Henry sleat
it kleaster fan de fromme muontsen,
hie gjin ferlet fan wat wie neat.

Wat yn syn eagen neat mei neat
wie, rekke troch de iuwen hinne
yn ferfallen steat;  ‘t ferline
bleau wol foar in part bestean,
want rjocht oerein stean noch de muontsen
om kleurich troch de tiid te gean.

* Foto ‘Fountains Abbey yn Yorkshire, Ingelân’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum