augustus 30, 2024
fan ûnbekend*
Verucchio, it wiere each
dat út ’e hichte wei
breedút oer it lânskip sjocht,
wat ek Franciscus seach.
Oan bist en minske joech er les
oer útsicht op ’t bestean,
dat mei nocht elk libje mocht,
hy plante in sipres.
Verucchio seach dat it wier
wie wat Franciscus sei:
de sipres bestie mei nocht
en seach úteinlik fier.
Noch altyd sjocht Verucchio
út nei in goed bestean
dat rom sicht biedt yn ’t ljocht
fan libje yn it no.
* Foto ‘Verucchio yn Italië’
augustus 23, 2024
fan ûnbekend*
Rin mei troch Ubud dêr’t kultuer
oeral foar master opslacht,
dirigearjend de toerist
fan galerijen nei musea…
de fraach is wat er mist.
Rin Ubud út, de strjitte giet
dan oer op ’t paad de hichte
yn, de rêst fan de natoer
sprekt oan mei ’t liet fan griene fjilden,
de stilte is net djoer.
De hichte tilt it libben op,
fier boppe de matearje
út, lykas in fûgel fljocht
oer dizze mikrokosmos hinne…
it mist net wat er sjocht.
* Foto ‘Ubud op Bali, Yndonesië’