Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Wrâldbylden category

admin

Eilân fan de keunst

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

De kleuren sprekke waarmte út:
‘Lit jimme, keunstners, ynspirearje
troch de baai fan skilder George,
dy’t tsjinnet as in spegel
foar it eilân yn de hjerst,
jim sille grif de pracht wurdearje.’

De keunstners fan it kollektyf,
de groep fan sân liet fan him sprekke:
‘George, wy binne ’t mei dy iens,
lit ús beskermje dizze
baai, syn pracht foldocht ús skoan,
wy sille hjir ús tiid ynstekke.’

Sy stieken mei elkoar de baai
oer, ’t eilân fan de keunst dêr lieten
sy har ynspirearje troch
de stilte om har hinne
dy’t har oanspriek mei in pracht
dêr’t sy as keunstners fan genieten.

* Foto ‘Georgian Bay yn Ontario, Canada’

admin

Slitende brâning

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Sjedêr de pylders yn de brâning,
foarm jûn troch de krêft fan de natoer,
it wiene yn ’t ferline tolve,
itselde tal as de apostels dy’t
in boadskip brochten foar de wrâld.

Sa dogge ek wat wiene tolve,
want in lytser tal bleau dêr fan oer,
de oare slieten troch eroazje,
de kalkstien hold de iuwen troch gjin stân,
fiif waarden yn de brâning wei.

It boadskip fan de sân apostels:
lykas wy hat it bestean gjin doer,
fiif waarden troch de see ferswolgen,
de brâning fan it libben fret ek oan
de lea en geast… fan swiet nei sâlt.

* Foto ‘Kust fan Port Campbell, Australië’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum