mei 15, 2026

Grien is it kastke
mei in lyts rûn gat,
it berteplak foar mear
as ien, miskien wol sân
mei iepen snaffels
kear op kear.
Swart is de tiding
fan in heit of mem
dy’t eigen bern net mear
in ljochte takomst jout,
dy skuort ta raffels
kear op kear.
Sjoch it blaumieske
fleanen troch it gat,
hoe faak wol net, nea klear,
gjin takomst yn it sin,
mar each foar snaffels
kear op kear.
januari 6, 2026
januari 1, 2026