Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ljochtsjend paad

Lyrysk Deiboek


It leit der ljochtsjend hinne,
misse kin men it hast net,
it paad dat oer de Grienedyk rint
en wiist rûnom nei de natoer
mei tank ek oan de sinne.

Is men it paad hjoed bjuster
troch it hieltyd hinne wer:
earjuster rjochts- en juster linksôf,
men slacht gjin acht op de natoer,
rint taastend yn it tsjuster.

Sjoch dan net nei de hichte,
want de sinne makket blyn,
sadat men gjin Alwize sjen kin,
it ljochtsjend paad leit op ’e dyk,
rûnom is ek de lichte.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum