juli 3, 2025
fan Joseph Stevens*
Gjin gewicht is swierder
as dat fan de maatskippij
dat drukt op smelle skouders;
as in hûn fielt hy de lêst…
kreakjend lûkt de dei foarby.
Sân wurdt yn de eagen
struid fan wa’t de karre triuwt
oer hobbelige paden;
as in hûn docht hy syn bêst,
wittend dat wat is, ek bliuwt.
Trije hûnen lûke
him mei lijen troch de tiid
om syn gerak te krijen;
as in hûn komt hy ta rêst
yn it tsjuster nei de striid.
* Joseph Stevens (1816-1892)
Skilderij ‘De sânman’
juni 19, 2025
fan Francisco de Goya*
In lege stoel stiet achter har,
bestimd foar wa’t sy leaver sjocht
as har mei libbensûnderfining,
mar hjoed hat sy gjin kar.
It libben hat har noch net jûn
it ûnderskied dat nedich is
om har net daliks al te binen,
sy sjocht net yn it rûn.
Har eachopslach is nei him keard
dy’t sy yn har ferbylding sjocht,
mei beppe hat sy net dy bining
dy’t har oer ’t libben leart.
Do leave faam, ik jou ’t advys:
sjoch him mei iepen eagen oan,
dan wurkest oan in eigen miening
en wurdst úteinlik wiis.
* Francisco de Goya (1746-1828)
Yllustraasje ‘Goede rie’
Print 15 út ’e searje ‘Los Caprichos’