mei 4, 2023
fan August Allebé*
Hy stiet as wie hysels in byld,
alhiel beset troch djippe tinzen,
mar wêroer, dat wit gjin mins,
hy sil se net útsprekke…
om him hinne leit in grins.
Al jierren hat er om in freon
socht, koe dy bûtendoar net fine,
want hy is te stoffich as suppoast,
moat dus in byld oansprekke:
‘Aristoteles mei Joast.’
Mei him hat Joast in stil petear,
wylst Aristoteles yn tinzen
is oer wat de minske driuwt,
hy wit him oan te sprekken
as in âlde freon dy’t bliuwt.
* August Allebé (1838-1927)
Skilderij ‘In âlde freon’
april 27, 2023
fan ûnbekend*
fan Sjoerd de Vries**
Syn heit sit op it helmhout,
mar hy stiet as skipper oan it roer
om mei syn neisten troch de tiid te gean,
it hold oan board net oer.
Syn mem stiet op ’e lûken,
moast har rêde yn de lytse roef
om mei har neisten troch de tiid te gean,
it wurk oan board wie stûf.
Sjoerd hat oan board net wenne,
berne waard er yn in wente oan
de wâl om mei syn maten troch de tiid
te gean… as skipperssoan.
As keunstner liet er him al
kenne doe’t er noch op skoalle siet,
ferkocht oan maten wat er makke hie,
sa kaam er troch de tiid.
Syn âlders seach er foar him
as de skipper en de skippersfrou…
yn byld, mei him foar altyd troch de tiid,
hy bleau syn ôfkomst trou.
* Foto ‘Skûtsje De jonge Aaltje’
** Keunstwurk ‘Portret fan myn âlders’