Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Bylden fan Antonius

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan Wellens de Cocq*

Image

Hoefolle bylden ljochtsje op
fan hillige Antonius
dy’t wielde djip ferachte,
dat er libbe op ‘e top
fan stille dagen, neare nachten.

Sjoch Paulus by him yn de grot
drok yn petear oer libbenssin
fan died of meditaasje,
wylst de raaf as sein fan God
bringt bôle foar de ynspiraasje.

Yn ’t iensum oard fan de woestyn
wurdt hillige Antonius
beflein troch helske machten,
hakjend op syn siele yn,
wylst Kristus ûnder op him wachtet.

‘De striid hast wûn, myn trouwe soan,
as died dy’t yn dyn stilte wie,
no kinsto rêstich stjerre,
wachtsjend op ‘e nije moarn,
gjin duvel kin it mear bedjerre.’

Image

Fiif ieuwen letter,
hillige Antonius,
bliuwst rikkend op ‘e grûn
foar ’t hynder, op ‘e kletter,
neaken froulju, bûn
oan oaljefanten, heech
op tinne poaten;
sjochst mei ’t krús sa leech
ferliedings, alle soarten,
lykwols wêr is no dyn Hear
of sjochst Him yn de fierte
foar de oaren yn de wear
en lit Er dy hjir sitte?

* It is net wis oft Jan Wellens de Cocq (1485-foar 1527)
dit skilderij wol makke hat. Yn alle gefallen hat in skilder
út Leiden dizze midsieuske útbylding kombinearre mei
in sterk natuergefoel.

** Salvador Dalí (1904-1989) waard berne yn Catalonië.
De folgjende útspraak tekenet de skilder:
‘O Salvador, no witst it, ast foar sjeny
spilest, wurdst it.’

admin

Aaidûns

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pieter Aertsz*

Image

Hoe fleurich jout it byld him oan
mei krûken, bôle en in aai
en folk dat spilet, sjongt en laket
om it dûnsjen fan de pubersoan.

De drinker hinget achteroer
en dizich sjocht er nearne nei,
wylst fingers geil it boarst betaaste,
sjongt er fan de hoanne út ‘e koer.

De spiler op ‘e doedelsek,
de mûle kliemsk as bôledaai,
lit lange pipe drippend hingje
krekt as wie syn eigen fluitsje lek.

De pubersoan wit hoe’t de dûns
is fan de nap en ’t hiele aai,
ferbyldet sa de sekssymboalen;
brekt de dop, dan kriget hy de bûns.

Image

De Fryske aaidûns is yn ’t fjild
om ’t nêst fan ’t iere ljipke;
wa’t it earste aaike tilt,
belibbet it as tripke,
dûnsjend nei de pommerant.
Mar moatte ljipkes boetsje?
freget fûl de oare kant,
wylst dûnsjend om it broedsje.

* Pieter Aertsz ( 1508-1575) waard berne yn Amsterdam.
Nei’t er in perioade yn Antwerpen wurke hie,
kaam er werom yn syn bertestêd, dêr’t er yn 1557
‘De aaidûns’ skildere.
De dûns hat in eroatyske betsjutting.
It skilderij sels sit ek fol mei eroatyske symboalen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum