mei 31, 2026

fan Antoon van Dyck*
Charles de Earste, foarst yn trijefâld
mei ’t puntburd nei it hert
dat kloppe foar syn trije lannen:
Skotlân, Ier- en Ingelân,
mar Charles de Earste waard net âld.
Hy regearre koart mei hurde hân,
wurdearre waard dat net:
nei trettjin jier waard hy ûnthalze,
net ienfâldich foar in foarst
fan Skotlân, Ier- en Ingelân.
Charles de Tredde, foarst krekt op ’e troan,
al âld mar jong fan hert,
dat kloppet no noch mar foar Skotlân,
Ingelân en foar in part
fan Ierlân, dochs weacht swier syn kroan.
* Antoon van Dyck (1599-1641)
Skilderij ‘Charles de Earste yn trijefâld’
mei 11, 2026

fan Toon Kelder*
Hy wie de baas fan de SS
yn Dútske tsjinst yn Nederlân
en seach mei skerpe eagen
nei wat ôfwiek fan it Nazidom
en nei de skat fan ’t Joadendom.
In skat stie ek op ’t skilderij:
in famke mei in reade blom
en grutte blauwe eagen,
dat net ôfwiek fan it Nazidom,
dat Hendrik Seyffardt balte: ‘Kom!’
Hy wie de baas fan de SS,
koe dwaan en litte wat er woe,
sa kaam sy ûnder eagen
fan de generaal fan ’t Nazidom
op kosten fan it Joadendom.
It famke op it skilderij
kaam foar it ljocht yn ’t frije lân
en hold it rjocht foar eagen:
gjin misdieden fan it Nazidom,
wol leafde fan de reade blom.
* Toon Kelder (1894-1973)
Skilderij ‘Portret fan in jong famke’
Foto: De Telegraaf