Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

It famke mei de blom

Keunst

fan Toon Kelder*

Hy wie de baas fan de SS
yn Dútske tsjinst yn Nederlân
en seach mei skerpe eagen
nei wat ôfwiek fan it Nazidom
en nei de skat fan ’t Joadendom.

In skat stie ek op ’t skilderij:
in famke mei in reade blom
en grutte blauwe eagen,
dat net ôfwiek fan it Nazidom,
dat Hendrik Seyffardt balte: ‘Kom!’

Hy wie de baas fan de SS,
koe dwaan en litte wat er woe,
sa kaam sy ûnder eagen
fan de generaal fan ’t Nazidom
op kosten fan it Joadendom.

It famke op it skilderij
kaam foar it ljocht yn ’t frije lân
en hold it rjocht foar eagen:
gjin misdieden fan it Nazidom,
wol leafde fan de reade blom.

* Toon Kelder (1894-1973)
Skilderij ‘Portret fan in jong famke’
Foto: De Telegraaf


admin

Minsklik rôfdier

Keunst

fan Peter Paul Rubens*

Wat fiert in minske nei de bisten
dy’t har eigen paden gean,
natuerlik libje nei de genen
dy’t ûntstiene neffens Darwins
evolúsjeteory spontaan,
dêr’t jagers neat fan wisten.

It binne genen fan de minske
dy’t ferlykber binne mei
dy fan de liuw en tiger,
mins as rôfdier neffens Darwins
evolúsjeteory, net jaan,
mar nimme nei syn winsken.

It hynder tilt him yn de hichte
om op jacht te gean mei sicht
op liuw en tiger, beide rôfdier
neffens ’t minskelike tinken,
sels ek machtich om in oar te slaan,
syn slaaf striidt yn de lichte.

* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Jacht op tiger en liuw’
 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum