september 5, 2026

fan Jopie Huisman*
Ik tekenje en skilderje
in nij begjin yn myn bestean
nei myn begjin as lêste bern
fan heit en mem, myn leave âlden;
ik lit in nije wrâld ûntstean
fan binnenút, myn eigen skepping.
Ik skilderje myn eigen striid.
it âlde tusken goed en kwea,
myn swakkens is my oan te sjen,
ik bring op doek de statusleazen,
de swalkers troch it lege gea,
fan binnenút, myn eigen skepping.
Ik skilderje it foddeguod:
fan Albertsje de ûnderbroek,
in keunstwurk, wurdich om te sjen,
in bak mei klompen en mei learzens,
in twadde libben komt op doek
fan binnenút, myn eigen skepping.
Ik akwarelje oan de ein
it âlde: skuorkes en in hûn,
op stjerren nei al dea, sa ken
ik myn ferfal, mar bliuw de âlde,
noch altyd mei ’t begjin ferbûn
fan binnenút, myn eigen skepping.
* Jopie Huisman (1922-2000)
Skilderijen ‘Foddekeapman Euze mei hânkarre’
augustus 22, 2026
juli 28, 2026