januari 5, 2023
fan Cândido Portinari*
De skilder en de kofjesjouwer
tilden swier oan it bestean,
syn ferve hie as basis lead,
de sjouwer moast foar kofje gean.
Der wie ien dy’t allinnich wiisde,
wylst syn lûd klonk withoefier,
se hawwe him de rêch takeard,
oars waard foar him de earm te swier.
De sjouwers krigen tsjokke earmen,
mar gjin kofje en gjin skoft,
sy wiene yn syn eagen neat
oars as besit: de kofjekloft.
Der wie ien dy’t de swierte fêstlei,
’t weage foar him ek deryn,
syn ferve hie as basis lead,
hy dronk foar ’t lêst syn flesse wyn.
* Cândido Portinari (1903-1962)
Skilderij ‘Kofje’
december 31, 2022
fan Paul Nash*
fan Paul Nash**
Sy ha harsels begroeven
yn de ierde tsjin geweld
dat boppe deadlik reitsje kin;
fan ’t winter wiist ús dizze wrâld
nei stammen sûnder blêd en tûke,
de âlde dagen binne teld.
Begroeven idealen
lizze djip omdat geweld
sels groeven fuorgen reitsje kin;
fan ’t winter wurdt wat nij wie âld…
wa kin dy stammen dan noch brûke?
De âlde dagen binne teld.
Sjedêr, de blauwe himel
strykt it ljocht fan âld nei nij,
soldaten komme, no’t it kin,
foar ’t ljocht en sjogge ’t griene wâld,
’t is om te priuwen en te rûken,
foargoed is ’t âlde jier foarby.
* Paul Nash (1889-1946)
Skilderij ‘Jûn’
Skilderij ‘Groep beammen (Wittenham)’