Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Net ouwehoere

Keunst

fan Adriaen van Ostade*

Gjin stikstof pleaget dizze boeren,
derogaasje ha sy nea fan heard,
want alle dong komt op it lân,
de boer moat sels de leie ha,
oer stront net ouwehoere.

Gjin trekker, mar op eigen skonken
geane sy har paad yn it bestean,
ha sels de leie yn de hân,
sy stikke net yn stof en dong,
mar wurde wolris dronken.

Gjin sprake fan de gong nei hoeren,
want sy hawwe thús in skoander wiif
en bern, de measten mear as sân,
sa bliuwe sy op leeftyd jong,
oer bern net ouwehoere.

Om wiif en bern soms te ûntrinnen,
is de herberch wol in gaadlik plak,
want stof genôch oer dong en stân
fan ’t spul… sy wolle noch ien ha,
dus net oer soargen stinne.

* Adriaen van Ostade (1610-1685)
Skilderij ‘Boeren yn de herberch’


admin

Oereinhâlde

Keunst

fan Francisco de Goya*

Syn earmen hongen slop
fanwege ’t bluodderige gat
dat by it linkerear ûntstien
wie, dat hy koe it swurd net hâlde,
amper ek himsels.

Sy hold him noch oerein,
deabang foar it takomstich lot,
want twa is folle mear as ien,
mei beide earmen om him hinne
bleau sy noch harsels.

Hoe’t hy hjir sa ta kaam,
sy wist net fan it hoe of wat,
hy wol, in oar hie dit net dien,
sy koe him amper steande hâlde,
dus ek net harsels.

Sy hold al lang fan him,
foar har wie hy in ierdske god,
sa wie op hiel de wrâld gjinien,
sy fielde har no al allinne,
lykme-op-harsels.

* Francisco de Goya (1746-1828)
Yllustraasje ‘De leafde en de dea’
Print 10 út ’e searje ‘Los Caprichos’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum