april 14, 2022
fan Victor Vasnetsov*
Sjedêr held Bogatyr
mei bûtenierdske krêft
lit hy syn hynder stegerje
op ’en paad nei ’t striidtoaniel…
wa soe him dan wat wegerje?
Sjoch ek nei hjoed de dei,
hoe’t ien mei brute krêft
de ierde as fan him beskôget,
hy fernielt in oar syn diel
mei fjoer dat deadlik lôget.
In twadde Bogatyr
mei bûtenierdske krêft?
Ferbylding dy’t gjin grinzen ken,
mar mismakke is syn siel
as hy fermoardet lytse bern.
Sjoch dêrom nei de dea
út fan dy surrogaat
mei ûnderierdske krêften, lit it
barre dat hy krijt syn diel…
wa soe syn rol ferjitte?
* Victor Vasnetsov (1848-1926)
Skilderij ‘Bogatyr’
april 7, 2022
fan Ids Wiersma*
Wannear’t it tsjuster driget
mei ’t egale donkerblau
fol hurde wite kûgels,
wa wit dan watfoar ramp men kriget.
It is net mear te missen,
dat gjinien ûntkomt deroan,
’t klimaat sjit mei syn kûgels…
wa soe him dan net rap tarisse?
Wannear’t gewearen sjitte
kûgels troch it donkerblau,
dan wurdt it minskdom kûgelsk…
wa soe it derby sitte litte?
It is net mear te missen,
’t lit de minske net egaal:
der bloeie wite kûgels…
wa kin it libben dan net risse?
* Ids Wiersma (1878-1965)
Skilderij ‘Maitiidsblommen’