september 20, 2026

Koe sy de ear
net hâlde fan har gouden kroan
as keninginne fan de simmer?
Drûge hjitte lei har wol,
omdat de sinne bystân joech,
rekke sy rap fol.
De krânse bliuwt,
de blêden binne grien fan hoop
op takom jier, al wer in simmer
fol mei bloei út mannich sied
en is it wer sa hjit en drûch,
sjoch hoe’t sy ferspriedt.
Sy spriedt har ear
rûnom en sjongt op hege toan
as keninginne fan de simmer
’t liet mei ’t folgjende refrein:
‘De sinneblom bliuwt lang bestean,
hellet sels de ein.’
augustus 27, 2026
augustus 20, 2026