Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Wrâldbylden category

admin

Gearhingjende ferklearring

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Hoe lang hjir stiennen lizze
en hoe’t se oanfierd binne,
hieltyd jout de brâning lûd,
mar kin neat sizze.

Wol kin it dat de stiennen
in beamke groeien seagen,
wat unyk is yn dit gea,
it bleau allinne.

Wa’t harket nei de weagen,
it rûzjen fan de blêden,
nei it gûlen fan de wyn,
heart nea in leagen.

Men heart en sjocht yn gearhing:
in harmony fan lûden
jout mei bylden ’t kleare sicht
op de ferklearring.

* Foto ‘Murlough Bay, Noard-Ierlân’

admin

Fêste syklus

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Sy spylje net foar akrobaten,
mei it sicht op hiel wat oars
begjinne sy te klimmen,
hâlde har bêst yn balâns,
gjin boer ûntnimt har dizze kâns.

De geiten frette alle fruchten
fan de arganbeam, in miel
de muoite wurdich om te
klimmen, want it smakket bêst,
gjin lichem hâldt de siedden fêst.

De boeren sammelje de siedden,
parse dêr de oalje út,
de muoite wurdich om te
sykjen by de beammen lâns,
gjin geit ûntnimt har dizze kâns.

Gjin boer hoecht yn de beam te klimmen,
want dat docht foar him de geit,
foar wa’t de beam de fruchten
leveret, gjinien wurdt lêst,
de syklus stiet as beam sa fêst.

* Foto ‘Geiten yn in arganbeam, Marokko’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum