augustus 27, 2026

Wurdt de himel ynstabyl
en hingje wolken swierder
as de waarfrou hawwe woe,
dan fynt de bliksem rap it paad
foar’t fûle klappen falle…
in hjitte kop ferskroeit de siel.
As de mienskip ynstabyl
wurdt, ride trekkers fierder
as de greide nêst de pleats,
dan fine boeren rap it paad
en skinke tinne sûpe
út hjitte koppen, elk syn diel.
En feroaret it klimaat
fan see nei lân en fierder,
fûle buien barste los,
dan reitsje folken fan de kaart,
gjin kop kin dan noch tinke
oan ynstabile haast en haat.
augustus 20, 2026

As de Frânske sinne krûpt
by Fryslâns skjinne himel lâns,
dan barste blommen út ’e knop
en strielje as de freugde
fan de wrâld… in stelsel yn balâns.
Mar it stelsel stelde fêst
de noarmen yn de maatskippij,
grutskalichheid foar de natoer
ta freugde fan de boeren:
kluten bûter yn de sûpenbrij.
Greiden waarden Ingelsk grien
op kosten fan diversiteit,
gjin hynsteblom bleau doe oerein,
it koweblomke joech de geast,
stikstof easke op prioriteit.
Sinneblommen barste út
en rize op yn fûl protest
tsjin trekkers fan de boerestân
ta freugde fan ynsekten,
bijen stelle no de noarmen fêst.