Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Reidhintsje yn oantins

Lyrysk Deiboek


Hy komt my net gau nei
en kom ik tichterby,
dan tripket hy oer ’t wetter,
dêr’t er weiwurdt yn it reid,
it hintsje wit syn wei.

Dochs wit ik hoe’t it sit
mei syn bestean dat net
sa wis op minsken oerkomt:
trochgean sjocht er as syn plicht,
de takomst as ûnthjit.

Hy kaam my nei op wei
nei hûs en tichterby
as ea seach ik him lizzen
op ’e dyk, gjin takomst mear,
syn oantins naam ik mei.


admin

Fan grau nei suver

Lyrysk Deiboek


Hy hat nochal ferbylding
op ’e hichte fan it plak
om alles oer te sjen,
sa is er fan betinken
dat him neat ûntgiet,
hy macht hat oer de wrâld
dy’t yngiet op syn winken
fan ‘jou oer wat my befalt’,
wat grau is, lit him kâld.

Hy is it byld dat oanjout
hoe’t men op ’e wrâld fier rikt
om nei it plak te sjen
dêr’t swart it blanke blinke
lit, want neat ûntgiet
de wrâld fan wat men jout
oan djipgeand suver tinken
oer wat elkenien befalt
dy’t op ’e oar fertrout.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum