november 30, 2023
fan Ids Wiersma*
De fingers stiene lang al krom,
wat kaam fan wurk en rimmetyk,
de kwaal fan winterdeis de kjeld
fan bûtendoar yn iiskâld wetter…
sy wist net better.
De finsters wiene ek net ticht,
it siigde mei súdwestewyn
foaral, mar winterdeis mei wyn
út east mei snie yn plak fan wetter…
sy wist net better.
De eagen diene harren plicht
wat minder as sy hawwe woe,
mar rêden wie sy mei de bril
fan heit, hy hie itselde letter…
sa seach sy better…
… om út en troch wat op papier
te setten, iiskâld wie sy ryk.
* Ids Wiersma (1878-1965)
Skilderij ‘In âld klinte yn de Wâlden’
november 29, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
Elk lân hat fjouwer streken
dêr’t de wyn út waaie kin.
Ha ’k as profeet de wyn ferspraat
fan ’t wurd dat út ’e hichte komt
nei alle streken fan it lân
en hat it noch wol sin?
Dit wurd kaam fan de Hear:
‘Minskesoan, kear dyn gesicht
nei ’t suden, smyt it wurd derút
dat krêftich út ’e hichte komt
tsjin wâlden yn it Suderlân,
sjoch do dit as dyn plicht.’
Fan God moast ik dit sizze:
‘Beammen stek Ik yn de brân,
de griene likegoed as dy’t
gjin blêden ha, want safier komt
it fjoer: ’t wurdt swart fan súd nei noard,
de brân rint troch it lân.’
Doe woe ik ek wat sizze:
‘God, de minsken harkje net,
se sizze nei dit fjoer-ferhaal…
sjoch him wer mei syn riedsel-taal.’
* Foto ‘Brânend bosk’