Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sicht op sâlt

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Se steane as in beam sa fêst
en ha hiel wat oerlibbe:
de lavastream fan de fulkaan
dy’t gloeiend nei de flakte rûn
en yn de sâltsee ’t fjoer ferlear…
no ha sy einlings rêst.

Har útsicht is it blinkend sâlt,
dat oerbleau nei ’t it wetter
ferdampte, ’t gie lykas it fjoer
ferlern, dat wie no twa kear sa,
it sâlt bleau lizzen, die net sear,
dus wie ’t foarútsicht… âld.

Fan dieren hiene sy gjin lêst,
dy wiene bang foar stikels
en libben net fan bitend sâlt,
gjin bist bleau op dy hichte oer,
de kaktus wie dus net de bear,
sa mei elkoar gie ’t bêst.

Foto ‘Isla Incahuasi yn Bolivia’

admin

Under it ferwulft

Keunst

fan Hendrick van Steenwijck de Jonge

Wat is der better as de sliep
mei ’t byld fan altyd ûnderdak,
in dream, mar net de werklikheid,
sy ha foar ien nacht plak.

Sy binne fan de strjitte pikt,
omdat sy pikt ha fan in oar,
want honger is har werklikheid,
dêr binne ’t bidlers foar.

Gjin gastmiel strykt har by ’t ferwulft
lâns, ticht is dei en nacht de doar,
dat is de soere werklikheid,
dêr binne ’t riken foar.

Sy sliepe ûnder it ferwulft
nei’t har ferwulft fernaam it brea
dat soer preau as de werklikheid:
foar ien nacht drûge lea.

* Hendrick van Steenwijck de Jonge (sirka 1580-1649)
Skilderij ‘Sliepende manlju ûnder it ferwulft’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum