Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Bringers en fretters

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se steane wiid en siid bekend
as bringers fan nij libben
yn de grutte minskewrâld,
mar ’t dierespul lit harren kâld.

De earrebarren binne wend
oan muorre, doar en finster,
dy kin elke eibert sjen
by ’t bringen fan in minskebern.

Image

Mar ’t jonge sweltsje foel net op
dat tsjin it finster botste,
dêrnei dwyl op ’t keunstgers siet,
gjin eibert kaam doe ta de died.

En doe’t in haske mei de kop
en lange earen boppe
’t gers útkaam, gong har petear
oer ‘sille wy oer ’t hapke gear?’

Image

Sa steane sy ek wol bekend
as fretters fan nij libben
yn de lytse dierewrâld,
want ’t minskespultsje wurdt al âld.

admin

Deselde wil

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hoefolle stiene yn de hjitte
by elkoar, de koppen stil
mei amper noch in eigen wil,
’t wie dreech te tellen út ‘e fierte.

It brânde op ‘e swarte liven,
wat men wol ferwachtsje koe,
mar wat dat ploechje hynders woe?
De ien koe faaks de oar gerive.

Se stiene wol mei stille koppen,
swypken lykwols mei de sturt
en sloegen wolken miggen fuort,
sa hawwe sy elkoar bekloppe.

Der stiene fjouwer yn de hjitte,
’t wie dy deis in hiele til
mei sturten, mar deselde wil,
dy’t miggen stjoerden nei de fierte.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum