Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Apekoai

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De lêste dagen fan it jier,
wat sil der dan noch barre?
Slút de earen foar de lesboer,
wês net langer skoalledier,
smyt iepen alle doarren!

Wy helje ’t karke út it rek,
’t moat noch wol yn de rige,
mar dit is it lêste keatting
dat ús bynt oan ’t skoallestek,
gjin lesboer sil mear drige.

Dêr steane wy dan op it gers,
wolnee, gjin stek fan stammen,
want wy hâlde fan it frije
libben, apekoai, gjin les,
mar rame as sân rammen.

Image

admin

Modder

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De âlde stam sjocht it wer oan
hoe’t hjoed de modder boppe komt
lykas yn earder tiden,
doe hie it lûd in oare toan
as no de trekker bromt.

De blêden rûzje fan ‘e moarn:
‘In nije tiid foar noch mear grien,
wat hat dit ús te bieden?’

De âlde stam heart noch it lûd
dat bromde út it westen wei
om fierderop te striden,
mei ’t fleanend fort kaam ’t doe net goed,
it waard syn lêste dei.

De blêden rûzje oer de gloed,
de modder yn it bloeiend grien
en twang yn earder tiden.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum