Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Deselde wil

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hoefolle stiene yn de hjitte
by elkoar, de koppen stil
mei amper noch in eigen wil,
’t wie dreech te tellen út ‘e fierte.

It brânde op ‘e swarte liven,
wat men wol ferwachtsje koe,
mar wat dat ploechje hynders woe?
De ien koe faaks de oar gerive.

Se stiene wol mei stille koppen,
swypken lykwols mei de sturt
en sloegen wolken miggen fuort,
sa hawwe sy elkoar bekloppe.

Der stiene fjouwer yn de hjitte,
’t wie dy deis in hiele til
mei sturten, mar deselde wil,
dy’t miggen stjoerden nei de fierte.

admin

Untsprongen para’s

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se geane troch foar parasjute,
meitsje swaaien op ‘e wyn,
mar nea komt ien fan harren del,
sa hâlde se de dûns deryn
oant twirren ta de ein beslute.

Image

Dochs binne se de dûns ûntsprongen
doe’t de syklus yn it rûn
gong mei syn skerpe deadeslach,
it swart hat net har blêden bûn,
it wyt is net yn plastic krongen.

De Grienedyk hat harren rêden
as fersiering fan de berm,
de para’s tsjin de tiidgeast yn,
se bliuwe hingjen as in skerm
fan wyt en beareklauweblêden.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum