Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Noarderfjoer

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Noardeminsken jachtsje nei it suden,
want dêr is it paradys
mei alle dagen sinneskyn
en troch it hier in soele wyn,
wa’t yn de kjeld bliuwt, is net wiis.

Image

Stadich rint it jachtsjen út op hjitte
mei’t de sinne stekt op ’t fel
en skroeit de dei troch op it lân
oant fjilden reitsje yn de brân,
it paradys wurdt ta in hel.

Mar yn ’t noarden is ’t de jûntiidssinne
dy’t de himel brâne lit
en alle beammen stekt yn ’t swart,
sadat ús lânskip ek wat hat,
sa’t elke noardeling wol wit.

Image

admin

Dwerse trijemêster

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ik hie net oars ferwachte
nei de nacht as skippen yn de rêst,
de Jonge Jan lei op itselde plak,
it tsjerkeskip bea sneins elk ûnderdak
dy’t socht nei ’t eigen sielsgerak
en hearde: earst wurdt yn it Godsryk lêst,
mar spilen hjir net oare machten?

In trijemêster achte
yn ’t kanaal himsels it aldermeast
mei flaggen yn de moarn, sels yn de nacht,
doe’t hy him deljoech dwers yn ’t drokke far,
dat oaren rekken yn de war
troch heechsten binne yn it skipsrak earst…
ik hie wat oars ferwachte.Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum