Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tizeboel en kattesturt

Lyrysk Deiboek
Tizeboel en kattesturt PDF Print E-mail
Image

In tizeboel yn it ferkear
mei yn de haadrol master dea,
gjin tritich offers wurdich,
de skea docht inkeld sear,
mar misse went foar immen nea.

It wurk giet troch, dat moat men sjen,
want oars gean tiid en jild ferlern.

Sjedêr de pracht fan kattesturt,
in libben byld fan pears en wyt,
it skôgjen mear as wurdich,
it read hat hjir gjin nut,
want frijheid is net bûn oan tiid.Image

admin

Blynkapen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se fjouwerje troch ’t hiele lân
en wrinzgje har de strôte stikken
mei deselde gjalpen fan komsa,
elk bringt it eigen  punt ta stân,
want brún en swart, it bliuwe ikken.

Se bliuwe stean op ’t eigen plak,
de ien noch fêster as de oare,
elk wol graach it sterke foartou ha
en lûkt it spultsje ûnderdak
om dêrmei op syn heechst te scoren.

Se stoarje oer it hiele lân
en wat se sjogge, kin men witte
oan de kape foar de eachopslach,
gjin helder byld komt sa ta stân,
mar wa kin dêr hjoed noch mei sitte.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum