Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Utteld

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wy ha ús plicht wer dien:
in dei foar ’t lân yn ’t spier
nei alle hollepraatsjes,
mar ús hert is net fan stien,
gefoelens weage swier.

Image

Us rûntsjes binne teld,
no komt it derop oan,
mar ha wy wat te sizzen?
’t Is de polityk dy’t stelt
wat is de tuskentoan.

Se sitte stridend om
it rûne taffelskleed
mei kleuren yn formaasje,
wat net rjocht giet, moat mar krom,
de kiezer hat gjin weet.

Mar wol in rotgefoel
troch ’t sûp- en fretappèl
en eamelje mar fierder.
Hat ús stim dan noch in doel
of binne wy út tel?

Image

admin

Tsjin de krisis

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Sa stadichoan rûn ’t nei de ein,
ferfeling sloep yn it bestean
sa tusken sinneskyn en rein,
’t mobyltsje hie net folle bean.

Dat lûd bringt harren dochs yn tou
mei pallet, kleed en spikerkop,
yn boufak-frijheid yn de bou
en stribje nei de heechste top.

Sy ha fan krisis noch gjin weet
en stean net stil by bou-ûntslach,
mar stekke heech it blauwe kleed
en slaan mei pallets harren slach.

It lieden fan de tsjerkeklok
ûntgiet har by de tuorrebou,
gjin swartrok set har foar it blok,
sy bliuwe oan har eigen trou.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum