Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dûbel wize

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jean-Simeon Chardin*

Image

Se wie fan jongs ôf boartlik, folle
net genôch yn hân en foet,
want bûten fûn se alles
sa’t it yn har opkaam goed
genôch foar ’t lytse bleate holtsje.

Sy hie fan jongs ôf aspiraasje
foar it wizen mei de hân,
want binnen fûn se alles
wat oerienkaam mei har stân
fan strang it stal mei rjochte graasje.

Se droech de kap fan ‘no moat ‘k leare’,
wiisde mei har finger oan,
wylst moast se bûten keare.

Sy striele út it suver wite,
ûnderwiisde heech fan toan,
moast binnen oan har slite.

* Jean-Simeon Chardin (1699-1779)
wie ien fan de bêste skilders
yn de achttjinde ieu,
dy’t syn skilderijen delikaat kleur joech
en oerstallige eleminten fuortliet.
Skilderij ‘De jonge ûnderwizeres’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum