Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oarloch om Atjeh

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Atjeh,
in lânskip as smaragd sa grien,
dêr’t stammen wize nei it blau,
dy harmony hat ieuwen al bestien,
nea kaam it, lykas letter, yn it nau.

Hâld see,
sa woe ’t koloniaal gesach,
kear al dy rôvers út Atjeh,
stjoer ’t leger nei de oarde fan smaragd,
de sultan sprekt it wolkom, hâldt him ree.

atjehoarloch

Mar nee,
de sultan hold him earst noch stil,
sadat it leger makke lûd,
wat wurke op Atjehers moed en wil,
de generaal koe swimme yn syn bloed.

Hoesee,
de oarloch duorre fjirtich jier,
fan wapenstilstân ta de striid,
it wie de muoite wurdich, wrachtich wier,
want alle rôvers rekken út ’e tiid.

Atjeh,
in lânskip as smaragd sa grien
en hûnderttûzen yn it read,
de nije tiid hat net sa lang bestien,
mar al dy deaden sei it letter neat.

* Foto ‘It útbrekken fan de Atjeh-oarloch’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum