Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Klappe troch de tiid

Keunst
PDF Print E-mail
fan Claude Monet*

Image

De stilte leit oer ’t simmerfjild,
allinnich kleuren klappe
foar de skientme fan it gea,
wylst fjouwer blommen stappe.

De stream is sakke, leit no stil,
allinnich boaten glide
fierder foar it deistich brea,
yn ’t simmerlân fansiden.

Image

De dyk fiert nei in oare tiid
mei kleuren dy’t meast swije,
fierten nei de hichte skier,
gjin blom kin hjir noch dije.

Twa stâlen stappe sa’t dat giet
yn boaiemleaze tiden,
as de kjeld elk lûkt yn ’t spier,
al moat men dan ek glide.

De stream riist heech en brekt it iis,
de skossen kreakje, klappe
tsjininoar, mar yn it griis
sjocht men al blommen stappen.

Image

* Claude Monet (1840-1926)
wie ien fan de grutste ympresjonistyske skilders.
Skilderij ‘Fjild mei klaproazen by Vétheuil’
Skilderij ‘De wei nei Vétheuil yn de winter’
Skilderij ‘Iisgong by Vétheuil’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum