Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oerjefte fan Breda

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Diego Velázquez*

Tsien moannen hat it duorre,
wylst Breda ferwachte it ûntset
fan Spaanske troepen om de stêd,
mar ’t leger fan Oranje wie te let,
de reek fan ’t turfskip wâlet oer de muorre.

’t Wie Willem fan Oranje
dy’t it opnaam tsjin de tiranny
fan paus en kening, want har wet
gie yn tsjin wat foar rjocht en frijheid stie,
sadat syn fijân waard besetter Spanje.

Image

It wie al jierren letter
dat in skip mei turf en legertroep
foer yn ’t geheim foar it ûntset
nei Spaansk Breda; ’t soldatefolkje kroep
foar ’t ljocht, ferdreau manmoedich de besetter.

Sjoch hjir hoe’t kânsen keare:
Hollânsk kommandant biedt oan de kaai,
dêr’t grif Spinola wol mei rêdt;
de hân op ’t skouder foar de minne dei,
wylst yn de hichte stekke Spanjoals spearen.

Image

* Diego Velázquez (1599-1660)
Skilderij ‘De oerjefte fan Breda’

admin

Frederik Hendrik

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Michiel van Mierevelt*

Image

Dêr stiet er, Frearik,
soan fan Willem van Oranje,
Maurits’ jonge broer,
yn ’t harnas mei wat franje,
as steatsman oan it roer.

Mar ’t leafst mei ’t leger
yn de striid tsjin fijân Spanje
foar in eigen ryk,
want rykdom wie mar franje
en wat dan polityk?

Gjin striid om ’t leauwe:
wa’t it roer hâldt yn de midden,
stjoert foar elk syn rjocht;
foar steat en leger bidde,
dan is oan alles tocht.

* Michiel van Mierevelt (1567-1641)
Skilderij ‘Portret fan Frederik Hendrik van Oranje’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum