Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Swarte fûgel

Polityk


Do grutte swarte fûgel,
grut op ’e earste eachopslach,
swart om dyn slach te slaan
mei wjukken dy’t it lykwicht brekke
fan wa’t dyn waanwiis lûd net achtslaan.

Do grutte hege fûgel,
heech sitsto dêr om út te sjen
nei wa’t dyn fearren strykt
om dy noch heger op te stekken,
dêrnei dyn waansin glêd te striken.

Do grutte dwaze fûgel
nimst mei dyn grutspraak alles wei
wat skaait nei de natuer,
de wearden kinne dy ferrekke,
do fynst dyn eigenwaan natuerlik.

Do grutte swarte fûgel,
swart as de dea wurdt dyn bestean,
wurdst ûnder wetter wei,
slyk sil dyn brike bek bedekke,
foar dyn bestean is der gjin útwei.


Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum