juli 6, 2026

Sy hearre by elkoar:
de werklikheid en ’t spegelbyld,
foar minske-eagen in twa-ienheid,
mar de swan hat dêr gjin eagen foar.
Sy binne foar elkoar
bestimd as swannen fan ’t ballet,
foar minske-eagen in twa-ienheid,
mar de goes hat dêr gjin eagen foar.
De guozzen ha gjin nocht
oan ’t sierlik pronkjen fan it pear,
tegearre mei in berne-keppel
soargje sy, wat elke âlder docht.
Dochs stiet har libben faai
fanwege ’t stellen fan de boer,
dy’t neat hat mei ’t natuerlik libben,
want dat nimt syn Ingelsk raaigers wei.
Se rinne út elkoar,
de werklikheid komt klear yn byld:
fan ienheid is folslein gjin sprake,
driften en belangen geane foar.
juni 28, 2026
juni 22, 2026