juli 18, 2026

fan ûnbekend*
‘Blank en swart’ joech oan de macht
fan Europeeske kolonisten,
macht dy’t joech oan har de grûn
dêr’t swart gjin rjocht op jilde litte koe,
it jild kaam ta oan wa’t it wisten.
Mar Mau Mau sloech al gau acht
op wat de eigen minsken misten:
macht dy’t joech de grûn werom
oan ’t folk op grûn fan sa’t it altyd west
hie, foar de tiid fan kolonisten:
‘Frjemdling, gean werom nei ’t lân
fan jimme heiten, lit ús krije
ûnôfhinklikheid, sa net
dan sil ús grûn read kleurje troch geweld,
al soarget dat fan noch mear lijen.’
Tweintichtûzen rekken dea,
dêr’t tûzen fan de kûgel krigen
yn de striid foar eigen grûn,
úteinlik kaam dy yn terjocht besit,
’t ferline sil der net om lige.
* Foto ‘Finzenen fan Mau Mau yn Kenia’
mei 3, 2026
april 18, 2026